Hûnderten trekkers begjinne yn Ingelum oan alvestêdetocht

03 jun 2016 - 10:47

Fan Ingelum út binne freedtemoarn hast 300 âlde trekkers yn groepen fuortgien foar in tocht lâns de Fryske Alvestêden. It is de 22ste kear dat de Fryske Trekker Alvestêdetocht riden wurdt. Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening, skeat om kertier foar sânen de dielnimmers fuort.

Freed wurdt it meast súdlike diel fan de tocht riden. Der wurdt oernachte yn Ingelum en fan dat út doarp wurdt ek sneon fuortgien foar de toer lâns it noardlik part fan de alvestêdetocht fia Frjentsjer nei Ljouwert.

Nei't der yn Ingelum finishe wurdt kinne alle dielnimmers in feestje fiere. Op de sneon hâldt de organisaasje fan de trekkertocht kontakt mei de organisaasje fan de Slachtemaraton. Op in tal plakken kinne de trekkers op deselde diken komme wêrop ek de kuierders rinne. Ofpraat is dat de kuierders foarrang krije op de bestjoerders fan histoaryske trekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)