Gemeenten lizze efter op skema mei húsfesting statushâlders

03 jun 2016 - 10:35

De Fryske gemeenten lizze efter op skema as it giet om it húsfestjen fan asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. Fryslân moat fan it Ryk yn de earste helte fan 2016 mei-inoar 769 statushâlders ûnderdak bringe. Mar neffens de lêste sifers fan de oerheid is der foar 500 minsken noch gjin plak fûn. Súdwest-Fryslân is de gemeente mei de grutste efterstân.

Dêr moatte yn juny noch 90 minsken ûnderdak brocht wurde om de taakstelling foar de earste helte fan dit jier te heljen.

Ek De Fryske Marren, Smellingerlân en Ljouwert lizze bot efter op skema. Ferwerderadiel is de iennichste gemeente dy't al mear statushâlders húsfeste hat as moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)