Man sûnder rydbewiis oppakt nei kontrôle yn Ljouwert

03 jun 2016 - 06:49

De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in 45-jierrige man oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. By de Ferlingde Skrans waard de bestjoerder út de gemeente Marum kontrolearre, en die bliken dat er allinne in rydbewiis foar in bromfyts hie. Yn it systeem fan de plysje stie ek dat de man noch in fêst fonnis fan 60 dagen hie.

De bestjoerder naaide út doe't er oppakt wurde soe, mar oare aginten koenen de man letter oanhâlde. Yn de auto fan de man waard ek noch drugs fûn, dy binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)