Opnij fragen yn lanlike polityk oer brêgesteurings Ofslútdyk

02 jun 2016 - 22:58

De VVD-fraksje yn de Twadde Keamer hat skjin syn nocht fan alle steurings oan de brêgen yn de Ofslútdyk en hat dêrom opnij skriftlike fragen steld oan de minister fan ynfrastruktuer en miljeu. De fraksje wol witte hoefolle steurings oft der dit jier al west hawwe en wat de ekonomyske skea dêrfan is. Fierders wolle se fan de minister witte oft bekend is wat de oarsaak fan de problemen is.

Rykswettersteat hat ekstra ynspeksjes oan de brêgen dien. De VVD wol fan de minister witte wat dêr útkaam is en hokker maatregels der al naam binne.

Der binne maatregels naam om steurings rapper te ferhelpen. De fraach is oft dy maatregels foldwaande binne.

Hurdrinwedstriid
De VVD wol fierders witte wat de alternativen binne foar de dei dat de Ofslútdyk folslein ôfsletten wurdt foar in hurdrinwedstriid. Sy binne fernuvere dat sa'n belangrike ferbining samar tsien oeren ôfsletten wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)