Lonneke en Brecht starte foaroan by Slachtekuiertocht

02 jun 2016 - 22:12

Lonneke Gerritsma en Brecht Osinga meie sneon net meidwaan oan de wedstriid-Slachtemaraton, mar se meie foaroan starte by de earste groep kuierders. De organisaasje leit har dêrby gjin beheinings yn tempo op.

Dat is de útkomst fan it oerlis tusken de organisaasje fan de Slachtemaraton en de beide famkes en harren famylje. Sy hiene har opjûn foar de wedstriid, mar bliken die dat se noch mar 16 jier binne. Doe't de organisaasje dat hearde, hawwe se de froulju witte litten dat se net meidwaan mochten oan de hurdrinmaraton.

De organisaasje hâldt de ynternasjonaal advisearre minimumleeftiid fan 18 jier oan. Lonneke en Brecht wiene bot teloarsteld en ek wol lilk, omdat se fia de mail berjocht hân hiene, dat de minimumleeftiid 16 jier wie.

De organisaasje fan de Slachtemaraton siet bot mei de kwestje yn de mage. By in folgjende edysje sille se dúdliker fermelde dat 18 jier echt de minimumleeftiid is om meidwaan te kinnen oan de hurdrinwedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)