Lêste tariedings fyfde Slachtemaraton

02 jun 2016 - 21:15

De spanning nimt ta by 1800 hurddravers en 15.000 kuierders. Sneon is de fyfde Slachtemaraton dy't begjint yn Easterbierrum en einiget yn Raerd. It kin wolris in waarme tocht wurde. Waarman Piet Paulusma advisearret de dielnimmers goed te drinken.

De organisaasje hat it drok mei de lêste tariedings. Sa waarden tongersdeitejûn by de start de klaaihokken klearmakke foar de hurddravers. Efkes fierderop wiene jongeren fan de keet 't Kratsje oan it meanen. Yn it gers op de dyk meanden se yn grutte letters Slachte 2016

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)