Friesland College makket design fan autobannen

02 jun 2016 - 19:37

Learlingen fan it Friesland College hawwe tongersdei yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert in Design Expo organisearre. Dy bestie út in útstalling fan tsientallen designprodukten dy't learlingen fan de rjochting 'design' of 'kreatyf fakman' makke hawwe. Foarbylden fan saken dy't dêrfoar brûkt wurde, binne âlde autobannen, tennisballen of in stikken bêd. In sjuery beoardiele de útstallings.

Mei sawat sechstich belangstellenden wie it aardich drok yn de grutte hal fan De Harmonie. Tongersdeitejûn binne der ek noch twa moadeshows.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)