Fernijde havenplein op Flylân offisjeel iepene

02 jun 2016 - 16:30

It fernijde havenplein fan Flylân is tongersdei offisjeel iepene troch deputearre Klaas Kielstra en boargemaster Tineke Schokker fan it eilân. Ferline jier nei de simmer is it wurk oan it plein úteinset.

Minsken dy't fan de boat komme, rinne oer it plein. Mar bussen en taksys brûke it plein ek om de auto te swaaien. Dat soarge foar in ûnfeilige situaasje. Op it nije plein binne dy groepen no faninoar skieden. Der is ek in fytspaad oanlein nei it bedriuweterrein en de jachthaven, en de stoepe is ferbettere.

"De toeristen, maar zeker ook de eilandbewoners zullen het nieuwe veerdamgebied zeker waarderen. Het is een unieke beleving om vanaf de boot zo het dorp in te lopen", seit deputearre Kielstra. De provinsje hat 595.000 euro meibetelle oan de werynrjochting fan it havenplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)