Cambuurtrainer Marcel Keizer giet nei Jong Ajax

Haadtrainer Marcel Keizer fan Cambuur giet fuort. Hy wurdt trainer by Jong Ajax. Keizer wie pas sûnt heal febrewaris by Cambuur, dêr't er de opstapte Henk de Jong ferfong.
It opstappen fan Keizer ferrast direkteur Ard de Graaf, dy't it net oankommen sjoen hie. Hy sprekt fan in ûngelokkige timing, ek no't Cambuur krekt degradearre is. Under lieding fan Keizer helle Cambuur noch fiif punten yn alve wedstriden.