"Regel oer opromjen asbest binnen acht jier is oerdreaun"

02 jun 2016 - 14:27

De regel dat oer acht jier al it asbest fuort wêze moat, is oerdreaun. Dat fynt Hans Schaeffer fan de oplieding boukunde fan hegeskoalle NHL. It hinget der neffens him fanôf oft it asbest stikken is en dêrtroch skealik is. As it noch goed is en minsken komme der fierder net oan, dan is asbest net gefaarlik.

Hy reagearret dêrmei op saakkundigen dy't sizze dat it ferwiderjen fan asbest foar ûnnedige ûntrommingen en grutskalige skjinmakoperaasjes soargje. Ek soene de sûnensrisiko's meastentiids mar lyts wêze. Schaeffer slút him dêrby oan.

Wa moat it betelje?

Schaeffer freget him bygelyks ek ôf wa dat allegear betelje moat, want der is neffens him in hiel soad asbest te ferwurkjen, ek yn Fryslân. De oerheid makket it probleem de lêste jierren hieltyd grutter, sa seit de koördinator fan de oplieding boukunde. ''Nei de Twadde Wrâldoarloch wist de oerheid al dat asbest gefaarlik wie en doe hawwe sy der neat mei dien. Dat moat no allegear ynhelle wurde''. In bettere oplossing soe neffens him wêze om de minsken in goede foarljochting te jaan oer wat wol en net kin as jo it asbest sels fuorthelje wolle.

Earder kaam nei bûten dat saakkundigen de ferhâlding mar bryk fine tusken wat it kostet om asbest op te rêden en wat it opsmyt. Steatssekretaris Dijksma praat tongersdei mei fertsjintwurdigers fan gemeenten en provinsjes oer ôfspraken oer it fuortheljen fan asbest. Mar de saakkundigen sizze dat gewoane minsken dy't harren yn de asbestkwestje ferdjippe hawwe soms better op de hichte binne fan de risiko's as de ferantwurdlike bestjoerders.

Trefwurden: 
asbest Hans Schaeffer NHL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)