Van Smaak yn Drachten ûntromme

It gebou fan itensleveransier Van Smaak oan de Richterlaan yn Drachten is tongersdeitemoarn ûntromme nei't in meiwurker net goed wurden wie. Dat barde by skjinmakwurksumheden mei gemyske stoffen. Nei alle gedachten wie de meiwurker yn kontakt kaam mei de stof 'natriumhydroxide', ek wol bitende soda neamd, en wie se dêr oergefoelich foar.
Der is in ambulânse oproppen en dy hat de frou oerbrocht nei it sikehûs Nij Smellinghe. Nei ûndersyk mocht se wer nei hûs ta.
De brânwacht fan Drachten hat it skjinmakmiddel fuort spuite, dêrnei is it gebou fentilearre.