Smellingerlân wol kultuer befoarderje mei nij belied

© Omrop Fryslân, Jan Koster
Alle bern yn Smellingerlân moatte yn 'e kunde komme mei kultuer en mear minsken moatte meidwaan of in besite bringe oan kulturele aktiviteiten yn de gemeente. Dat is in oantal fan de ambysjes dy't de gemeente Smellingerlân opskreaun hat yn de nije kultuernota.
Yn de nota steane de útgongspunten as it giet om it kultuerbelied yn de gemeente foar de perioade 2016-2020. Dy nota is opsteld yn gearwurking mei minsken út de kulturele wrâld, ûndernimmers en minsken út bygelyks it ûnderwiis.