Kollum: "Pizzamarteling"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"It komkommernijs begjint al wer aardich op gong te kommen. It is hast wer dy tiid fan it jier dat der minsken trappearre wurde dy’t al 42 jier sûnder rydbewiis ride, dat immen yn België in nije ID-kaart helje soe en fergeat syn auto op de rem te setten en dat dy auto doe it kanaal yn rôle omdat de betonblokken dy’t dêr gewoanwei lizze fuort helle wienen foar de jierlikse merke. Boppe-op dizze katastrofe kaam noch it feit dat de oproppen takelauto fansels ek noch stikken gie.
Wy wachtsje yn spanning op berjochten oer de ûnderkuolle jonge en famke yn in roeiboat oan legerwâl, dy’t de roeiriemen kwyt spile wienen om ûndúdlike reden. Se hienen wol fjouwer oeren poer allinnich op de woeste Snitser Mar omdreaun, sa sei de tige besoarge plysjewurdfierder. Hy trune der noch krekt net by de Omropwaarman op oan om yn it ferfolch in warskôging foar ‘kâns op roeiriemen kwytreitsjen’ oan de ôflandige wyn ta te heakjen.
Ik wik jimme dat binnen no en in oantal wiken earne in boer troch in bolle op de hoarnen naam wurde sil, de kranten ha de tekst al klear, allinnich it plak dêr’t it foarfal plakfynt feroaret alle jierren, mar dat it barre sil kinne je fergif op ynnimme. As de pinkebolle alle kreaze jonge pinken eh... No ja, sis mar dat se deunsk west ha en dat hy der mei rêden hat, dêrnei wurde dy testosteronbisten sa ûngeduerich as de sykte.
Dus juny en july is de tiid fan it jier om de boer, dy’t harren ferweidzje wol, efkes goed nei te sjen. De boeren witte it wol, mar dochs komt it alle jierren wer ien oer. It heart by de simmer, dit soarte berjochten. Sa as ‘hond schiet jager dood’ by de hjerst heart, is ‘boer aangevallen door stier’ in typyske simmerske krantekop.
Noch ien lyts nijsberjocht dat my opfoel wie ien op Teletekst oer in gefaltsje echtskieding en de gefolgen dêrfan. Dit ferhaaltsje spile yn it Italiaanske plak Pauda. Noch nea earder fan heard, ik ha it even opsocht en it leit der echt net. Sels by Teletekst slacht de misêre fan de simmer al ta. It sil grif oer Padua gean, in stedsje flak by Venetië.
No sjouwe se hjoed-de-dei samar by elkoar wei, dus dat is op himsels gjin nijs, mar dit gie oer de alimintaasje. De rjochter hie yn al syn wiisheid besletten dat de man 300 euro yn de moanne oan syn eks-frou en syn dochter oermeitsje moast. Hy sei dat er dat net opbringe koe en yn stee dêrfan stjoerde er alle moannen steapels pizza’s nei harren ta. Hy sil wol tocht ha, as se te iten krije, ha ik myn plicht dien.
De frou en dochter koenen op it lêst gjin pizza mear sjen en makken beswier tsjin de gong fan saken. Folslein yn it stramyn fan komkommernijs besleat de rjochter de man yn it gelyk te stellen omdat er yndied net genôch fertsjinje soe. Hy mei dus oant yn de ivichheidsdagen ta pizza’s nei syn eks stjoere. Wat in rotstreek fan dy rjochter, fyn ik persoanlik. Hie dy no net foar wat fariaasje yn it op te stjoeren iten soargje kinnen?
Alle dagen wer sa’n platte doaze iepenmeitsje liket my in drama. Je wolle ek wolris Sinees, in Grykske salade of sa. Dit is suver Italiaansk sarkasme. Dy rjochter sil as bern wol bot narre wêze, oars meitsje je der dochs wat in leuke draai oan, it is al slim genôch dat dy minsken by elkoar wei binne. No ek noch pizzamarteljen tastean fyn ik der fier by troch.
Stel je dat hjir ris foar. In Frysk stel beslút om út elkoar te gean. Sy mei hast alles, mar gjin reade star. No ja, jim begripe my wol. Dit soarte berjochten sille oant mids septimber mei iennige regelmaat foarby komme. It is simmer yn Fryslân."