Cambuur ferlinget kontrakten assistint-trainers

© Omrop Fryslân
Fuotbalklup SC Cambuur hat de kontrakten fan de assistint-trainers Arne Slot, Jan Bruin en Dennis van der Ree ferlinge. It trijetal hat ien seizoen bytekene oant de simmer fan 2017.
Arne Slot en Dennis van der Ree hiene it ôfrûne seizoen ek al de lieding oer it belofteteam. Njonken syn wurk by de beloften bliuwt Slot ek aktyf by it earste alvetal. Foar Jan Bruin wurdt it syn sechsde seizoen as assistint-trainer by SC Cambuur.