Advendo fiert jubileum mei slachwurkmaraton

Muzykkorps Advendo fan Snits bestiet 70 jier. Om dat te fieren binne slachwurkers woansdeitejûn om seis oere úteinset mei in slachwurkmaraton fan santich oeren.
It is fjouwer dagen feest yn Snits mei ferskillende aktiviteiten yn it Advendogebou, lykas workshops foar minsken mei in ferstanlike beheining, feilings mei bysûndere foarwerpen en ritsjes mei in brânwachtauto. Op de ôfslutende sneon sille Advendogroepen yn de binnenstêd fan Snits spylje yn in 70 meter lang korps. Dan falt ek de lêste klap fan de slachwurkmaraton.
Yn de santich jier fan syn bestean hat Advendo yn hast alle Europeeske lannen foar publyk en telefyzje spile, en boppedat ek yn Amearika en Kanada. Se hawwe prizen wûn op it wrâldmuzykkonkoers. De takomst sjocht der goed út. Fan de trijehûndert Advendoleden binne twahûndert jeugdleden.