Kampus Fryslân wol yn gebou De Beurs as biblioteek derút is

01 jun 2016 - 17:56

De Ryksuniversiteit Grins siket foar de nije fakulteit yn Fryslân in ûnderkommen yn de Fryske haadstêd. Sûnt begjin dit jier is de RUG yn Ljouwert úteinset mei in Ingelsktalige bachelor-stúdzje, seis nije masterprogramma's en in saneamde Graduate School mei fyftich promovendy. Foar húsfêsting fan Kampus Fryslân is it each fallen op it Beursgebou. Dêr sit no noch de biblioteek, mar dy sil ynkoarten nei de eardere finzenis Blokhúspoarte ferhúzje.

Ald-Ljouwerter hoareka-ûndernimmer Theo Douma wol in soarte Markthallen yn De Beurs meitsje.

As foarbyld hat Douma merkhallen yn Rotterdam en Amsterdam op it each. Hy wol  op de earste ferdjipping in grutte merk mei farsk iten en Fryske streekprodukten. Dêrûnder moat plak komme foar 25 restaurants dy't dei en nacht iepen binne. De Beurs soe sa in magneetfunksje krije kinne foar hiel Fryslân en fier dêrbûten.

De Ljouwerter wethâlders Deinum en Diks hawwe posityf op it inisjatyf fan Douma reagearre. Mar se binne op dit stuit wol mei oare partijen yn ûnderhanneling oer in oare bestimming fan de Beurs. Yn dat gefal is Douma al wol in alternative lokaasje oanbean, mar dêr wol Douma foarearst neat fan witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)