Jonge see-earn Lauwersmargebiet kriget ring om de poat

In jonge see-earn dy't ringe is (argyffoto) © Romke Kleefstra
Undersikers fan fûgelûndersyksburo Sovon en meiwurkers fan Steatsboskbehear hawwe woansdei de jonge see-earn yn it Lauwersmargebiet ringe. It giet nei alle gedachten om in wyfke. De fûgel kaam in moanne lyn út it aai. De see-earn wie doe al frij swier. Se is no hast fiif kilo. De ûndersikers hawwe in pûdfol proairesten út it nêst weihelle.
De berte fan it see-earntsje wie moai nijs, want de ôfrûne twa jier slagge it de see-earnen net om de aaien út te brieden.