Tagong swimbad Gytsjerk is sneon fergees

01 jun 2016 - 16:27

Yn it iepenloftswimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk kin sneon fergees swommen wurde. It swimbad bestiet fjitich jier en dêr wurdt sneon de hiele dei by stilstien. Moarns om 10 oere sjogge wethâlder Doeke Fokkema en swimbadfoarsitter Dolf Rodenhuis werom op de skiednis fan it bad. Der wurdt ek in spandoek ûntbleate. Yn en om it swimbad hinne binne ferskate aktiviteiten, lykas in luchtkessen en rinballen yn it wetter.

De Sawn Doarpen waard iepene yn 1976. It bad kaam ta stân mei in bydrage fan de ynwenners fan Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)