Piet Paulusma: De simmer wurdt flink waarm

01 jun 2016 - 14:08

De simmer fan 2016 wurdt waarm, mei ien of twa hitteweagen. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn jierlikse simmerfoarsizzing. Syn ferwachting is dat juny noch wif ferrint, mar yn july en augustus komt der in stabile simmerperioade, mei flink wat strândagen. De simmer kin wolris in heale oant in hiele graad te waarm wêze.

Wol warskôget Piet Paulusma foar ekstreem waar. Net allinnich as it giet oer temperatueren, mar ek oer buien mei in protte delslach.

De simmerfoarsizzing fan Pyt Paulusma is basearre op it waarpatroan fan de lêste seis jier, it streamingspatroan fan de lêste oardel jier en syn eigen ûnderfining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)