Drankrider betrape yn Ljouwert, rydbewiis ôfnaam

Alkoholkontrôle © ANP XTRA
De plysje fan Ljouwert hat woansdeitemoarn it rydbewiis fan in dronken ynwenner fan Zwolle ynnaam. De 55-jierrige man foel op doe't er slingerjend oer de Oostergoweg ried. Hy waard steande hâlden en moast in blaastest dwaan. Dat slagge lykwols net en dêrom moast er foar in bloedtest mei nei it buro.
Ut de test die bliken dat er yndie tefolle dronken hie. Neist dat er syn rydbewiis ynleverje moast, is der ek proses-ferbaal tsjin de man opmakke en moat er in kursus folgje by it CBR.