LTO: Ofblazen fan guozzefergassing is spitich

01 jun 2016 - 10:43

Boere-organisaasje LTO-Noord fynt it beslút fan deputearre steaten om it fergassen fan guozzen dizze maitiid net troch te setten, spitich. Mar sy ha der wol begryp foar no't it juridysk net mear kin om de saneamde fangkralen yn te setten.

Wurdfierder Peet Sterkenburgh fan LTO-Noord trunet oan op it yntinsiver ynsetten fan oare middels lykas it prikken fan aaien en de jacht. Foar it yntinsive prikken fan aaien yn natuergebieten is lykwols ek wer in ûntheffing nedich en dat jildt ek foar de jacht.

Jacht

Yn teory kinne jagers de fûgels wol sjitte op boerelân. Mar de jagers ha earder oanjûn dat sy it net sitten sjogge om yn de lette maitiid en simmer guozzen dea te sjitten ûnder de eagen fan toeristen.

Ynkoarten set de diskusje ek útein oer it ferromjen fan de perioade wêryn't guozzen winterdeis mei rêst litten wurde. Dat is no twa moannen en kin mooglik ferdûbele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)