Frysk Maatjesprojekt fiert 15-jierrich bestean

It 15-jierrich bestean fan it Fryske Maatjesprojekt wurdt woansdeitemiddei fierd yn it Ljouwerter Trompteater. De organisaasje Support Fryslân sil weromsjen op de fyftjin jier fan it projekt mei filmkes en speeches fan meiwurkers en maatjes.
Sûnt 2001 wurdt jongerein yn Fryslân tusken de 12 en de 27 jier âld mei problemen keppele oan in frijwilliger. Dit saneamde maatje docht frijwillich regelmjittich leuke dingen mei in persoan, lykas in besite oan in konsert of sportwedstriid.
In maatje kin in jongere ek helpe by saken dy't muoilik fûn wurde. Ek kin in maatje in bern helpe om oansluting te krijen by in freonegroep of sportteam.