Parfumdief smyt winkelrút yn en wurdt pakt

01 jun 2016 - 07:33

In 43-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht pakt nei in winkelynbraak yn de wyk Camminghaburen. Om 1:30 oere hinne krige de plysje in melding dat der in stoeptegel troch it rút fan in winkel smiten waard oan de Lieuwenburg. De fertochte naam guod mei út de etalaazje en naaide dêrnei út op de fyts. De melder koe in dúdlik sinjalemint trochjaan oan de plysje, wêrnei't de fertochte op de Schieringerweg pakt wurde koe troch de plysje.

Parfums

It die bliken dat de fertochte parfums pikt hie. Hy is oerbrocht nei it sellekompleks yn Ljouwert, wylst de plysje fierder ûndersyk docht nei de ynbraak.

Trefwurden: 
ynbraak parfum Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)