Scooterrider pakt nei efterfolging troch Ljouwert

01 jun 2016 - 07:05

In 25-jierrige scooterrider út Ljouwert is tiisdeitejûn nei in efterfolging oppakt troch de plysje. De scooterrider ried yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen en luts de oandacht fan in motoragint. Doe't de plysjeman him kontrolearje woe, naaide de scooterbestjoerder gau út. De motoragint sette de efterfolging yn en ried de fertochte klem op in parkearterrein. De scooterrider kearde lykwols om en ried mei hege snelheid op de motoragint yn. Op it lêst feroare er fan rjochting en kaam dêrby ten fal.

Efterfolging

De fertochte wist wer op syn scooter te klimmen, wêrnei't in efterfolging troch de wyk folge. De scooterrider botste úteinlik op in drompel en ferlear de macht oer it stjoer. Hy koe troch de motoragint ynrekkene wurde en waard meinaam nei it plysjeburo. It die bliken dat er noch 54 dagen sel iepenstean hie. De fertochte krige ferskate boeten oplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)