Rêdingsboat Flylân rêdt 28 skoalbern fan klipper

31 maaie 2016 - 21:35

De rêdingsboat fan Flylân hat tiisdeitejûn 28 skoalbern fan board helle fan de klipper Noorderlicht dy't flak ûnder Flylân op in strekdaam fearn wie. De bern binne mei de rêdingsboat nei de haven fan Flylân brocht. Dêr hawwe se op in oar skip jûnsiten krigen.

Plysje en gemeente fange de bern tiisdeitenacht op yn in groepsakkommodaasje op it eilân. Letter sil de KNRM nei it skip werom gean om sliepspullen op te heljen. Bergers ha besocht om it sylskip fan 56 meter lang flot te lûken, mar omdat it leechwetter wie slagge dat net.

Twa bemanningsleden bliuwe oan board. As it woansdeitemoarn wer heech wetter is, sille de bergers it op 'e nij besykje. Neffens de KNRM komt it nei alle gedadchten troch de tichte mist dat it skip op de daam fear.

Trefwurden: 
skoalbern klipper KNRM Flyl^n
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)