Abbegeasterketting: Plysje giet út fan "needlottich ûngelok"

Plysjeminsken dwaande mei de sykaksje yn de Boalserter Feart © 112 Fryslân
It slachtoffer dat tiisdei yn it wetter fûn is by Abbegeasterketting, is nei alle gedachten omkommen troch in needlottich ûngefal. Dêr giet de plysje alteast foarearst fanút. It ûndersyk op it lichem is dien. De plysje slút út dat der in misdriuw yn it spul is.
Oan de ein fan de middei hat de plysje yn de Boalserter Feart tusken Abbegeasterketting en Easthim it lichem fûn. It giet om it lichem fan de 26-jierrige Boalserter man dy't al sûnt moandei fermist waard. Doe is er net op syn wurk ferskynd.
De man wie yn it wykein te farren gien mei in boatsje en syn hûn. Moandei is der al drêge yn de feart. Dat hat doe neat opsmiten. Dûkers en plysjes mei sonarapparatuer giene tiisdei fierder nei de man op syk.