Keamerleden Lucas en De Boer (VVD) net werkiesber

De Fryske VVD-Keamerleden Anne-Wil Lucas en Betty de Boer dogge net mei oan de kommende Twadde Keamerferkiezing. Dat meldt RTL. Der sitte op dit stuit 40 VVD'ers yn de Twadde Keamer. Seis fan harren ha oanjûn dat se net wer op de list wolle. Betty de Boer hat tsjin RTL sein dat se no mear as sân jier yn de Keamer sit. Dat hat in moaie perioade west, mar no fynt se dat it tiid is om werris wat oars te dwaan.
Fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra fan Easterwâlde komt wol wer op de list en dat jildt ek foar Aukje de Vries út Ljouwert.
Wa't listlûker wurdt fan de VVD wurdt pas yn de hjerst bekend. Premier Mark Rutte sei oardel wike lyn op it VVD-kongres yn Ljouwert noch dat er dêr ein augustus, begjin septimbêr in beslút oer nimme sil. Der binne fansels ek liberalen bûten de Twadde Keamer dy't waarmrinne foar in plakje op de list. Dat jildt ek foar it Ljouwerter gemeenteriedslid Harry Bevers.