Enerzjydoelstelling provinsje Fryslân foar 2020 ûnhelber

31 maaie 2016 - 18:44

De provinsje Fryslân hellet de eigen enerzjydoelstelling foar 2020 sa goed as wis net. Yn 2020 soe der 20 persint minder enerzjy ferbrûkt wurde moatte as yn 2010, mar oant no ta bliuwt de mjitter stykjen op in besparring fan 5 persint. Yn guon sektoren wurdt sels mear enerzjy brûkt as yn 2010. Dat docht bliken út sifers fan de provinsje.

Benammen yn de ferfierssektor en de yndustry is op dit stuit sprake fan mear enerzjy. Neffens deputearre Michiel Schrier komt dat troch de oanlûkende ekonomy.

Om dochs noch te besykjen om de doelstelling fan 20% minder enerzjyferbrûk te heljen wol de provinsje de kommende tiid stranger optrede tsjin bedriuwen dy't gjin enerzjy besparje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)