Oare wurkwize en winst foar soarchgroep Noorderbreedte

Abbingahiem yn Ljouwert is ien fan de soarchlokaasjes fan Noorderbreedte
Om ûnrêst by meiwurkers fuort te nimmen, is soarchgroep Noorderbreedte begûn mei in oare wize fan oanstjoeren fan minsken. Wurknimmers krije mear ferantwurdlikheid. Dat stiet yn it jierferslach fan Noorderbreedte. Begjin ferline jier makken meiwurkers fan de soarchgroep har soargen oer de kwaliteit fan de soarch. Guon soene har ek yntimidearre fiele op de wurkflier. De organisaasje moat no platter en fleksibeler wurde.
Finansjeel sjocht Noorderbreedte werom op in goed jier. De organisaasje hat in winst makke fan hast 5 miljoen euro.
Dat jild komt by it eigen fermogen. Der wurkje sa'n 2000 minsken by de soarchgroep. Noarderbreedte hat neffens it jierferslach in protte ynvestearre yn training en oplieding fan meiwurkers. Sa wol de organisaasje it syktefersom werombringe. Dat wie ferline jier noch 7,5 persint. Yn de soarch is dat yn trochsneed 6 persint, sa skriuwt Noorderbreedte. Dêr wol de organisaasje takommend jier ek op ta.