Patstelling Caparis en Sinnema foar de rjochtbank

31 maaie 2016 - 15:54

Direkteur Tjerk Sinnema en Caparis troffen inoar tiisdei op 'e nij foar de Ljouwerter rjochtbank. Advokaat Veldjesgraaf fan Sinnema hâldt fêst oan de eask dat Sinnema wer gewoan by Caparis oan it wurk giet. Caparis wiist dy eask ôf. It salaris fan Sinnema is ûnder protest trochbetelle, mar weromkomme by Caparis is neffens advokaat Schalkwijk fan Caparis ûnmooglik. It bedriuw neamt de situaasje mei Sinnema 'ûnwurkber'.

It bedriuw neamt de eardere útspraak dat Sinnema oan it wurk moat 'een gerechtelijke misslag'.

Caparis wegere neffens advokaat Veldjesgraaf mediation yn de kwestje. De rjochtbankpresidint skorste de sitting ek in skoftke om de partijen de gelegenheid te jaan om te oerlizzen oer mooglike mediation, mar Caparis en Sinnema kamen dêr net út.

Trefwurden: 
Caparis Sinnema rjochtbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)