Seis jier selstraf en tbs easke tsjin Udo D.

De offisier fan justysje hat seis jier selstraf easke tsjin Udo D. Dêrby easke er ek tbs mei twangferpleging. De fertochte is fermindere tarekkenber, en moat neffens de offisier dan ek in yntinsive behanneling ûndergean.
De 39-jierrige eks-tbs'er Udo D. wurdt fertocht fan deaslach en besykjen ta deaslach. Dat die fan 'e moarn bliken op de sitting yn Ljouwert. Op 19 oktober 2015 gie it mis. Op de Weaze stuts D. earst in prostituee del, dêrnei besocht hy in frou mei geweld te berôvjen by parkeargaraazje de Klanderij.
By in grutte supermerk oan de Tynjedyk besocht hy in auto te stellen. Uteinlik kaam hy it paad de Alde Lune by de Potmarge del. Dêr sloech hy in 68-jierrige frou út Ljouwert dy't dêr del fytste mei in flesse op 'e holle. De frou ferstoar.
Yn de rjochtseal sei de fertochte dat er him foar de rjochtbank geregeld beroppe sil op syn rjocht om te swijen. Wol hat er yntusken sein dat er in 'black-out' hie.