Weromstjoerde Boerûndese frou is spoarleas

AZC Burgum © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De Boerûndese frou dy't in pear wiken lyn mei har twa lytse bern weromstjoerd is nei har lân is spoarleas. Der is al wiken neat mear fan har heard.
Aline Ndikumana en har bern ha yn it AZC yn Burgum wenne en fanút dat doarp is ek aksjefierd om foar te kommen dat se útset wurde soene. In lêste fersyk dêrfoar fan boargemaster Ter Keurs, helle neat út. Sûnt ferline wike wurde gjin minsken mear weromstjoerd nei Boerûndy, omdat de situaasje dêr te gefaarlik wurden is.