Elkien hat hinder fan agressive hierders

Meiwurkers fan wenningkorporaasje Elkien krije hieltyd faker mei agresje fan hierders te meitsjen. Dat skriuwt it bedriuw yn it eigen magazine dat trije kear yn 't jier ferskynt. De agresje fan hierders is foaral ferbaal, mar it bart ek wol dat hierders de hannen net thúshâlde kinne yn de wenning of oan de baly fan Elkien.
De wenningkorporaasje treedt strang op tsjin ferskate foarmen fan agresje. De straffen fariearje fan in warskôging oant hûsútsetting