Udo D. is fermindere tarekkenber

31 maaie 2016 - 12:52

De 39-jierrige eks-tbs'er Udo D. is fermindere tarekkenber. Dat sizze de deskundigen fan it Piter Baan sintrum fan 'e moarn yn de rjochtbank. Sy hawwe D. koarte tiid observearje kinnen. Hy woe lykwols net meiwurkje oan in wiidweidich ûndersyk.

D. wurdt fertocht fan moard en besykjen ta moard. Op 19 oktober 2015 stuts D. op de Weaze yn Ljouwert earst in prostituee del, letter sloech hy by de Potmarge in 68-jierrige frou út Ljouwert dy't dêr del fytste mei in flesse op'e holle. De frou ferstoar.

De delstutsen prostituee easke by de rjochtbank in skeafergoeding fan 20.000 euro, ûnder oaren omdat se har traumatisearre fielt. In dochter fan it 68-jierrige deadlike slachtoffer lies in emosjonele ferklearring foar, wêryn't se seit dat har mem alles foar har wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)