Plysje siket eigener sieradedoaske

31 maaie 2016 - 10:47

De plysje yn Drachten is op syk nei de eigener fan in bysûnder doaske. It giet om in lyts grien doaske fan ûngefear 15 sintimeter. De bûtenkant is bewurke mei in tropyske ôfbylding yn reliëf. Yn it doaske sitte ferskate sieraden. It is net bekend wêr't it doaske weikomt. Minsken dy't it item herkenne wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
doaske sieraden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)