Kâns foar blommen en flinters by Akkrum

31 maaie 2016 - 10:37

Yn Akkrum en omkriten moat it aanst wer optille fan de blommen en de flinters. Ferline wike hat in groep belutsen doarpsbewenners op in spesjale ynspiraasjesessy neitocht oer wat der allegear mooglik en sels helber is.

De Vlinderstichting hat de besikers útdage: de twa bêste ideeën meitsje kâns op in startbedrach fan 1000 euro om it idee te realisearjen. Ek de projektgroep Kening fan 'e Greide en agrarysk kollektyf De Lege Midden binne by it plan belutsen.

Priisútrikking

Woansdeitejûn is yn kafee de Kromme Knilles yn Akkrum in gearkomste dêr't de twa winnende ideeën útkeazen wurde. Wethâlder Hans Broekhuizen fan It Hearrenfean sil oan de twa priiswinners in sjek oerlangje.

Plannen

Ien fan de plannen komt fan Sjoerd Miedema. Miedema hat in pleats oan it Sythusterfjild en wol in kuierpaad troch syn lân slingerje litte. Yn it lân moatte krûdich gers en blommen komme dy't flinters oanlûke.

De Kening fan 'e Greide is entjûsjast. Se roppe doarpen mei deselde ideeën op om har te melden fia harren webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)