Rjochtsaak tsjin eks-tbs'er Udo D.

31 maaie 2016 - 08:13

Yn Ljouwert begjint aanst om healwei tsienen de rjochtsaak tsjin de 38-jierrige eks-tbs'er Udo D. Hy wurdt fertocht fan moard en it besykjen ta deaslach. Op 19 oktober 2015 gie it mis. Op de Weaze stuts D. earst in prostituee del, dêrnei besocht hy in frou mei geweld te berôvjen by parkeargaraazje de Klanderij. By in grutte supermerk oan de Tynjedyk besocht hy in auto te stellen. Uteinlik kaam hy it paad de Alde Lune by de Potmarge del. Dêr sloech hy in 68-jierrige frou út Ljouwert dy't dêr fytste mei in flesse op 'e holle. De frou ferstoar.

Yn de rjochtseal seit de fertochte, dat er him hjoed geregeld beroppe sil op syn rjocht om te swijen. Wol hat er yntusken sein dat er dy dei in 'black-out' hie.

Trefwurden: 
rjochtsaak Udo D. tbs'er moard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)