Ferkear rjochting Lelystêd net troch de polder

31 maaie 2016 - 06:15

It ferkear op de A6 yn de rjochting fan Lelystêd moat rekken hâlde mei fertraging. In frachtwein hat yn de buert fan de Ketelbrêge in kontener ferlern. Der stiet no in file fan seis kilometer. Dêrom wurdt it ferkear omlaat. Fan De Jouwer giet de rûte no oer It Hearrenfean en Zwolle.

It ferkear yn de rjochting fan Fryslân moat troch in ûngelok op de oare rydbaan oer de flechtstreek.

Trefwurden: 
file ferkear fertraging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)