Rêdingsboaten helpe trije skippen by Skier en Lauwerseach

De rêdingsboaten Koning Willem I fan Skiermûntseach en de Anna Jacoba Visser fan Lauwerseach hawwe moandei trije skippen yn feiligens brocht.
De rêders fan Skiermûntseach hawwe it fiskersskip ZK1 út Sâltkamp rjochting Lauwerseach brocht. It skip lei oan 'e westkant fan it eilân foar anker. De stjoerynstallaasje wie útfallen. Underweis is it skip oan de BMS Noorman oerjûn, omdat de rêdingsboat it Tsjechyske jacht Torpedo helpe moast. Dat hie oan de noardkant fan it Westgat it roer ferspile.
Yn datselde Westgat dreau letter ek fiskerskip WR42 út Wieringen mei maleur. It skip hie de netten yn de skroef krige. Rêdingsboat Anna Jacoba Visser hat dat skip nei Lauwerseach sleept.