"Streek belûke by oanlis nij gemaal by Fiifhuzen"

De streek moat goed belutsen wurde by de oanlis fan it nije gemaal by Fiifhuzen en it ferkwelderjen fan in stik bûtendyks lân yn Ferwerderadiel. Dat fynt deistich bestjoerslid Marian Jager-Wöltgens fan Wetterskip Fryslân en dêr binne moandei ôfspraken oer makke.
It nije gemaal rôp nochal wat diskusje op. Dêrtroch drige it 14 miljoen kostjende projekt net fan de grûn te kommen. De kommisje dy't de plannen taret hat, hat tige wichtich west foar it wer flot lûken fan de plannen. Sy sille no as klankboerdgroep kontakt hâlde mei de streek.
De klankboerdgroep moat der boppedat foar soargje dat der gau sicht komt op mooglike problemen by de útfiering fan it projekt. It projekt fan 14 miljoen euro kaam earst mar dreech op gong troch ferset út de streek. De Ried fan Steate helle op in stuit in streek troch de plannen en ek de gemeentlike polityk wie kritysk.