Aksjefierders biede hantekening oan foar De Frosk

Aksjefierders foar it iepenhâlden fan swimbad De Frosk op De Westereen hawwe moandeitemiddei op it gemeentehûs fan Dantumadiel hast trijetûzen hantekeningen oanbean. Wethâlder Theunis Piersma naam se yn ûntfangst. De aksjefierders hoopje op syn stipe om it swimbad, dat no trije wiken ticht is, wer iepen te krijen.
De eksploitant is fallyt gien en om't der gjin jild is, hat de kurator it bad sletten. Yntusken hat it Komitee De Frosk in soad sympatisanten en ferskate minsken hawwe harren oanbean as frijwilliger.
Neist it oerlangjen fan de hantekeningen hat it komitee ek in petear hân mei de wethâlder. Anke Wijbenga fan it komitee is foarsichtich posityf: "Der is in iepening. De gemeente wie ynteressearre yn ús plannen om it bad wer iepen te krijen. Wy sille no útrekkenje hoefolle oft dat kostje sil en dan sil de gemeente sjen yn hoefier't se ús dêrmei helpe kinne.''