Skip fart himsels klem ûnder brêge yn sintrum fan Harns

It skip koe pas loskomme nei't in stik út de boech helle wie © Nick den Boer
Yn Harns hat moandeitemiddei in skip fêst sitten ûnder in brêge. De BDS Transporter koe net fierder by de brêge by it stedhûs oan de Noarderhaven. Hoe't dat barre koe, is net bekend.
Nei't in stik fan de boech ôfhelle wie, koe it skip wer loskomme. Wat de skea oan it skip en oan de brêge is, is net bekend.