Strukton docht tenei ûnderhâld noardlike plysjeburo's

It plysjeburo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Boubedriuw Strukton docht tenei it ûnderhâld fan alle gebouwen en terrreinen fan de plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dan giet it bygelyks om de buro's en de sellekompleksen. Strukton die al jierren ynstallaasjetechnysk ûnderhâld, en krijt it boukundich part der no by. It kontrakt giet woansdei yn.