Gemeenten wolle ien grutte wenningmerkregio yn Fryslân

30 maaie 2016 - 15:17

De 24 Fryske gemeenten wolle dat Fryslân ien wenningmerkregio wurdt. Sa kinne de útdagingen yn de sosjale hiersektor better oanpakt wurde. Dêrom hawwe de gemeenten no yn oparbeidzjen mei de korporaasjes en hierdersorganisaasjes in foarstel dêrfoar oan de minister stjoerd. Fryslân makket as earste regio yn Nederlân sa'n stap.

De nije Woningwet jout oan dat fan 1 july ôf Nederlân ferdield wurde moat yn regionale gebieten mei yn alle gefallen hûnderttûzen húshâldens.

Sterkere lokale bining
De yndieling is bedoeld om de lokale bining fan korporaasjes sterker te meitsjen. In korporaasje mei fan 1 july ôf noch mar yn ien gebiet aktyf wêze.

"Ien wenningmerkregio is it bêste foar sosjale hiersektor"
De gemeenten hawwe yn oerlis mei de Fryske wenningkorporaasjes en de grutte hierdersorganisaasjes neitocht oer in geskikte yndieling fan Fryslân. Fan de mooglike alternativen is de konklúzje lutsen dat it foarstel foar ien wenningmarktregio it bêste rjocht docht oan de útdagingen fan de sosjale hiersektor yn Fryslân.

Korporaasjes fan bûten Fryslân
Yn de gemeenten Skylge en Eaststellingwerf is it grutste part fan de sosjale hierwenningen yn besit fan korporaasjes fan bûten de provinsje Fryslân. De Fryske gemeenten fine dat dêr in útsûndering foar makke wurde moat, sadat ek yn de takomst korporaasjes dêr ynvestearje kinne yn útwreiding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)