Plysje hâldt passante-ûndersyk yn Ljouwert nei sededelikt

30 maaie 2016 - 14:13

De plysje fan Ljouwert hat sneintejûn in passante-ûndersyk hâlden by de Bloemenbuurt, nei oanlieding fan in sededelikt in wike earder. De plysje spruts mei 150 passanten, fan trije fan har wurdt ynkoarten in ferklearring opnommen. Hoewol der noch gjin gouden tip tusken siet, wie de plysje te sprekken oer de belutsenheid en de meiwurking fan de passanten.

Op 22 mei waard in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt in har wenning yn Ljouwert.

Ut ûndersyk die bliken dat de fertochte nei alle gedachten fan de Grinzerstrjitwei nei it hûs fan it slachtoffers fytst is. Dêrnei fytste er yn de rjochting fan de Professor Gerbrandywei.

De plysje is noch drok dwaande mei it ûndersyk nei de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)