Seis moanne sel foar Ljouwerter yn bernepornosaak

30 maaie 2016 - 13:54

In 47-jierrige man út Ljouwert moat seis moanne de sel yn foar it sammeljen en dielen fan berneporno. Dêrnjonken krige de man seis moanne selstraf ûnder betingst. De straf is itselde as de eask fan de offisier fan justysje. De samling fan 330 foto's mei berneporno kamen by Amearikaansk ûndersyk nei boppe.

De Ljouwerter waard ferline jier febrewaris hjirfoar oanhâlden. Hy wie gjin bekende fan justysje. De man sammele net allinnich berneporno, mar chatte ek mei oaren oer seks mei bern. De Ljouwerter koe net ferklearje wêrom't er dit die. Hy is sels yntusken yn terapy gien.

Trefwurden: 
sel Ljouwert berneporno
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)