Wurksumheden oan brêge Twellingea: fertraging foar skipfeart

30 maaie 2016 - 12:23

It skipfeartferkear moat de kommende twa moannen rekken hâlde mei beheinings op it Prinses Margrietkanaal. It giet om hichtebeheinings by de brêge fan Twellingea. Rykswettersteat moat needreparaasjes dwaan oan de brêge, wêrtroch dizze net iepene wurde kin. Skippen heger as 7 meter tsien moatte fan 13 juny ôf omfarre. Ek it autoferkear moat inkelde dagen rekken hâlde mei opûnthâld. Op 13 juny, en 21 en 22 july is de brêge fan 9 oere moarns oant 3 oere middeis ôfsletten foar it autoferkear. Omliedingsrûten wurde oanjûn mei giele buorden.

Foar de rest fan de perioade is de brêge gewoan iepen foar it autoferkear. Wol is der in beheining fan 10 kilometer yn de oere. Dit hat te krijen mei de lûdsoerlêst foar de oannimmer, dy't ûnder de brêge oan it wurk is.

De wurksumheden oan de brêge fan Twellingea stiene pland foar dizze hjerst. Mar by in ynspeksje die bliken dat de kamrêden fan de oandriuwing fan de brêge yn minne steat wiene. Hjirtroch kin it werstelwurk net wachtsje oant nei de simmer. It wurk set 13 juny útein en duorret oant de boufak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)