Fûn yn Ljouwert: banjo, gitaar, stjerrekiker en húshâldtrep

© Twitter @politie_lwdn
In banjo, in gitaar, in stjerrekiker en in húshâldtrepke. It is in wat nuvere kolleksje guod dêr't de plysje mei oan is. It guod waard moandeitemoarn oantroffen by in skoalle oan de Gymnasiumstrjitte yn Ljouwert, en net ien wit fan wa't it is. Neffens de plysje is der gjin oanjefte dien fan stellerij fan de saken. Njonken de ynstruminten is der ek noch in oranje lisbêd foar monteurs.
De eigener wurdt oproppen kontakt op te nimmen mei de plysje. It guod is oerbrocht nei de AFAC, de Algemene Fiets Afhandel Centrale, yn Ljouwert.