Oenema Transport Easterwâlde ferhuzet nei Venekoten-Nieuw

30 maaie 2016 - 11:37

Transportbedriuw Oenema út Easterwâlde ferhuzet. It bedriuw komt op it bedriuweterrein Venekoten-Nieuw. Al in tal jierren sjogge Oenema en de gemeente Eaststellingwerf nei de mooglikheden om it bedriuw te ferhúzjen. Dit hat benammen te krijen mei de groei dy't it bedriuw de ôfrûne jierren trochmakke hat, en de fierdere groei dy't noch ferwachte wurdt. Op it stuit sit Oenema op it terrein Venekoten-Noord, flakby in wenwyk. In plak mei net in protte romte foar fierdere útwreiding.

De gemeenteried fan Eaststellingwerf moat noch wol akkoart gean mei de ferhuzing. Sa moat der in nij bestimmingsplan komme foar Venekoten-Nieuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)