Koade giel foar Fryslân fanwege tongerbuien

30 maaie 2016 - 10:57

It KNMI hat foar hiel Nederlân, mei útsûndering fan Seelân en Súd-Hollân koade giel ôfjûn. Yn in grut part fan it lân komme moandei swiere tongerbuien foar. Yn it Noarden wurde de buien oan de ein fan de middei en yn de jûntiid ferwachte. De koade giel jildt yn Fryslân fan fiif oere middeis oant ien oere nachts.

It KNMI warskôget dat yn de buien in protte rein, hurde wynstjitten en hagel foarkomme kin. De ANWB ferwachtet in swiere jûnsspits yn Nederlân.

Trefwurden: 
koade giel KNMI tonger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)